vrijdag 17 februari 2017

Saak op 'e kop (Frysk) De zaak op z'n kop (Ned)

Saak op 'e kop,

De nijsberjochten rôlje hjoed de dei wyld oer elkoar hinne. Nijs dat wier is en nijs dat net wier is. Somtiden is it hast net útelkoar te hâlden. Soene de Russen dêrefter sitte? Soene hja der belang by hawwe dat Jeropa der wer út komt te sjen as foar de 2e wrâldkriig? Of soe ús achtbere hear Wilders it fijn fine as de hiele boel ynkoarten ynelkoar soademitert? Eat wat te fergelykjen is mei wat yn 'e Feriene Steaten op 't stuit bart. Dêr hat de FerTrumping taslein. Krije wy hjir no de FerWildering? Utfiere dat wat alle fatsoensnoarmen te bûten giet en ôfbrekke dat wat ús maatskippij ta maatskippij makket? Yn elts gefal wurde de papieren en dêrmei it gefoel fan “goodwill” der de lêste tiid net better op.
Fanmoarn lies ik op “Teletekst” it berjocht dat de pensjoenen fan de Europarlemintariërs ferhege wurde nettsjinsteande de grutte tekoarten en de lege “dekkingsgraad” fan 37 prosint fan harren pensjoenfûns. Wylst ús pensioenen sels net iens by de 105 prosint ferhege wurde meie. Der wurde wer miljoenen yn de fondsen foar de parlemintariërs stoppe. Jild fan jo en my. Ja en dy pensjoenen binne wol efkes fan in swierder kaliber dan wêr't wy no of straks op rekkenje meie.
Wat ik hjir mei sizze wol: Is it ferwûnderlijk dat mear en mear minsken ôfheakje fan dit systeem en op dizze wize de FerWildering yn ús lân en kâns jouwe, as de parlemintariërs harren saken taeigenje wylst it oer de rêch moat fan de gewoane Jeropeeske buorger?
Yn elts gefal wurkje de hjirfoar neamde saken net sa mei oan de no o sa needsaaklike positive byldfoarming fan de hjoeddeistige Jeropeeske Uny.
Ek de bylden dy't sa út en troch sichtber binne op de media fan sliepende parlemintariërs. No meie hja fan my wol sliepe, mar at jo soks ûnderwylst de gearkomsten dogge fyn ik soks op bedrôvjend minne wize tsjûge jaan fan ferantwurdelikens.
Minsken lit ik jimme dit sizze: we kinne no allegearre de kont tsjin de kroade smite en in bytsje yn 'e rûnte stimme straks yn maart, mar it liket my sa ta dat we ek sjen litte kinne dat wy yn elts gefal de ferantwurdlikens wol oankinne. Litte wy no ferantwurde wize ús stim útbringe op in wize dat it nije regear faaks sy ynfloed jilde litte kin om de hjoeddeistige Jeropeeske Uny om te foarmjen ta in mear rjochtfeardiger en minder jildfersmitende organisaasje. Dêr hawwe we allegearre mear oan dan in saneamde Nexit. Mar faaks is it lêste yndied de oplossing. It wurd is oan jo!.


De zaak op z'n kop

De nieuwsberichten rollen vandaag de dag maar wild over elkaar heen. Nieuws dat waar is en fake-nieuws. Soms is het bijna niet van elkaar te onderscheiden. Zitten de Russen hierachter? Zouden zij er belang bij hebben dat Europa er weer net zo komt uit te zien als voor WO II. Of zou de heer Wilders hier genoegen in scheppen dat de hele boel binnenkort in elkaar dondert? Iets wat vergelijkbaar is met met wat in de Verenigde staten gebeurt op dit moment. Daar heeft de VerTrumping toegeslagen. Krijgen we nu straks hier de VerWildering? Uitvoeren wat alle fatsoensnormen te buiten gaat en afbreken wat juist onze samenleving tot samenleving maakt? In elk geval worden de papieren en daarmee het gevoel van “goodwill” er de laatste tijd niet beter op.
Vanmorgen las ik op “Teletekst” het bericht dat de pensioenen van de Europarlementariërs verhoogd worden, niettegenstaande de grote tekorten en lage “dekkingsgraad” van 37 procent van hun pensioenfonds. Terwijl onze pensioenen zelfs niet bij een dekkingsgraad van 105 procent mogen worden verhoogd. Daar worden weer miljoenen in de fondsen voor de parlementariërs gestopt. Geld van u en mij. Ja en die pensioenen zijn wel even van een ander (zwaarder) kaliber dan waar wij nu of straks op kunnen rekenen.
Wat ik hiermee wil zeggen: Is het verwonderlijk dat meer en meer mensen van dit systeem afhaken en op deze wijze de VerWildering in ons land een kans geven, als parlementariërs zich zaken toe-eigenen over de rug van de Europese burger?
In elk geval werken de genoemde zaken niet mee aan de nu o zo noodzakelijke positieve beeldvorming van de hedendaagse Europese Unie.
Ook de beelden die zo nu en dan via de media tot ons komen van slapende parlementariërs. Nou mogen deze mensen van mij natuurlijk wel slapen, maar als zoiets tijdens een vergadering wordt gedaan vind ik zoiets van op een bedroevende wijze getuige geven van verantwoordelijkheid.

Mensen laat ik jullie dit zeggen: we kunnen nu allemaal de kont wel tegen de krib gooien en een beetje in de rondte gaan stemmen straks in maart, maar het lijkt mij beter om te laten zien dat wij in elk geval de verantwoordelijkheid wel aankunnen. Laten we op verantwoorde wijze onze stem uitbrengen op een wijze dat de nieuwe regering misschien invloed kan laten gelden om de huidige Europese Unie om te vormen tot een meer rechtvaardiger en minder geldversmijtende organisatie. Daar hebben we allemaal meer baat bij dan een zogenaamde Nexit. Alhoewel het misschien de oplossing kan zijn. Het woord is aan u.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen