maandag 2 januari 2017

Fan fjurwurk en populisten (Frysk) - Van vuurwerk en populisten (Ned.)

Fan fjurwurk en populisten, (Frysk)

In lyts ploechje opsketten jonges en famkes wiene oan it donderjeien mei in leech frisdrankblikje foaroer de nije winkel fan Appie. Ik moast der efkes wêze om de koelkast nei de rûzige feestdagen
Yn in tiid wêr't je noch gjin skeet litte meie sûner miljeufergunning, wurde tûzene tonnen oan fynstof, skeadlike metalen en oare saken dy't jo it leafst net op 'e bôle hawwe, de loft ynsjitten. Unbegryplik. Net te leauwen is ek it feit dat der nei ferkiezings fan dy minsken mei de grutste bek oan it bewâld komme. Minsken dy't gjin aan hawwe fan hoe't we mei elkoar omgean hearre te gean. Rigels fan fatsoen jilde net mear. Sjoch mar om ús hinne:
Trump yn Amearika, Putin yn Ruslân, Frankryk....wurdt ek in populist de baas en ek hjir yn ús Nederlân sil it in pupulist wêze dy't de measte stimmen sammelt.
Mar leit dit lêste ek net in hiel lyts bytsje oan ússels? Binne it net de sosjaaldemokraten dy't mei harren geitewollensokkementaliteit en in ta yn é tiennen trochkringjende januskopbelied van it “sparjen fan de koal en de geit” dy't der foar soarge hat dat de minsken harren net mear fine kinne yn dizze saneamde en alom ferheven ridlekens fan de fêste oarder?
De gefolgen sille we straks sjen. Myn grutte fraach is dan: “Glydzje we straks net ôf nei in wrâldwidige manifestaasje fan in folle grutter fjurwurk? Ien saak is dan wol dúdlik: de klimaatproblemen binne dan oplost en kin der op de waarmste dagen fan sa'n nucleaire winter faaks de Alvestêdetocht wol riden wurde. Wêr't soks dan barre moat? Ik wit net, mar ik tink dan: “Lit dy jonges en famkes mar lekker boartsje mei dat lêste bytsje rommel dat der hjir en dêr noch leit. It kin no noch.
Ik nim noch in oaljekoek.
wer wat oan te foljen. De lêste tekens fan aldjiersnacht yn de foarm fan wat pylkehuodsjes, lege kokerkes en reade papiersnippers leine om harren hinne. Der is nochal wat fersjitten ôfrûne wykein. Grutte reekwolkens boppe doarp en stêd. Hûnen en katten steane yn dikke rigen foar de doar fan de hûne- en katteflústerders om harren skeinde psyche wer wat by te skaven ta wurkbere proporsjes. De gefolgen foar de minske lit noch efkes op him wachtsje. Kanker en COPD en oare grauwelige ôfwykings hawwe meastentiids in lange ynkubaasjetiid. Mar hawar, we sille it sjen. It giet der dochs wol wat frjemd omwei yn 'e wrâld. Die is feroare. Bot feroare. Yn wêzen ek wer net want it minskdom hat him al folle langer dwaande hâlden mei de fraach: “Hoe kinne we sa folle as mooglik der foar soargje dat it meast fersmoargjende, geweldiedige en psychoatyske bist sa fluch mooglik fan dizze ierdkloat ferdwynt”.


Van vuurwerk en populisten, (Ned.)

Een klein groepje opgeschoten jongens en meiden waren aan het donderjagen met een leeg frisdrankblikje tegenover de nieuwe winkel van Appie. Ik moest daar even zijn om de koelkast na de roerige feestdagen weer wat aan te vullen. De laatste tekens van oudejaarsnacht in de vorm van pijlhoedjes, lege kokertjes en rode papiersnippers lagen om hen heen. Er is nogal wat de lucht in gegaan het afgelopen weekeind. Grote rookwolken boven dorpen en steden. Honden en katten staan in dikke rijen voor de deur van de honden- en kattenfluisteraars om hun geschonden psyche weer wat bij te schaven tot werkbare proporties. De gevolgen voor het mensdom laat nog even op zich wachten. Kanker, COPD en andere gruwelijke afwijkingen hebben meestal een lange incubatietijd.
Maar enfin, we zullen zien. Het gaat er nu toch allemaal wat vreemd toe in de wereld. Die is veranderd. Erg veranderd. In wezen ook weer niet want het mensdom houdt zich al veel langer bezig met de vraag: “Hoe kunnen wij zoveel mogelijk ervoor zorgen dat het meest vervuilende, gewelddadige en psychopatische beest zo snel mogelijk van deze aardkloot verdwijnt”.
In een tijdperk waarin je nog geen scheet mag laten zonder milieuvergunning, worden duizenden tonnen fijnstof, schadelijke metalen en andere zaken die men het liefst niet op z'n boterham terugziet, de lucht in geschoten. Onbegrijpelijk. Ongelooflijk is ook het feit dat er na verkiezingen van die mensen met de grootste bek aan het bewind komen. Mensen die geen idee hebben hoe we met elkaar om horen te gaan. Regels en fatsoen gelden niet meer. We hoeven alleen maar om ons heen te kijken:
Trump in Amerika, Putin in Rusland, Frankrijk......wordt ook een populist de baas en ook hier in ons eigen Nederland zal het een populist zijn die de meeste stemmen vergaart.
Maar ligt dit niet allemaal een beetje aan onszelf? Zijn het niet de sociaaldemocraten die met hun geitenwollensokkenmentaliteit en een tot in de tenen doordringend januskopbeleid van het “sparen van de kool en de geit” welke ervoor hebben gezorgd dat de mensen zich niet meer kunnen vinden in deze zogenaamde en alom verheven redelijkheid en politieke correctheid van de gevestigde orde?
De gevolgen zullen we straks zien. Mijn grote vraag is dan: Glijden we straks niet af naar een wereldwijde manifestatie van een veel groter vuurwerk? Eén zaak is wel duidelijk: de klimaatproblemen zijn dan opgelost en kan er op de warmste dagen van de nucleaire winter misschien de Elfstedentocht wel worden gereden. Waar zoiets dan moet gebeuren? Ik weet het niet , maar denk dan: “Laat die jongens en meiden maar lekker rotzooien met dat laatste beetje rommel dat hier en daar nog zichtbaar is”. Het kan nu nog.
Welaan, ik neem nog een oliebol.