vrijdag 11 november 2016

Stoarm oer "The States" (Frysk) - Storm over "The States" (Ned)

Stoarm oer “The States”.(Frysk)

Al fier foar de ferkiezings yn de Ferriene Steaten wie der in gewoante op SnútBoek ûntstien om op een somtiden ûnfoege wize tsjin Mefrouw Clinton of De hear Trump oan te skoppen. Fansels haw ik ek wol it besef dat de útkomst fan de ferkiezings oan de oare side fan de oseaan fiergeande gefolgen hawwe kin op ús mienskip, mar om no mei sokke grouwens oan te gean tsjin kandidaten fan in oar lân dy't op demokratiske wize foardroegen binne as de nije president, bliuwt “not done”. Nimmen wurdt ferplichte om it mei de kar fan de Amearikaanske kiezers iens te wêzen.
Ik kin my yntinke dat it frjemd fûn wurdt dat dan Mefrouw Clinton it mei de measte stimmen dochs wol ferlieze moast fan De hear Trump dy't no ien kear de measte “kiesmannen” byinoar fondelje koe. Mar soks is no ynherint oan it systeem wêrfoar't yn de Feriene Steaten keazen is om harren demokrasy funktioneare te litten. De nije president fan de Feriene Steaten ( dy't net my kar wêze soe – Mefrouw Clinton nammers ek net) sit dêr, keazen troch minsken dy't op ien oft oare wize troch de maatskippij útkoarre of folslein negearre binne en dy't it gefoel hawwe “bûten spul” te stean.

En nee, ik soe De heer Trump perfoarst gjin rasist neame wolle al binne der wol hurde útspraken yn syn ferkiezingsretoryk
oangeande de islam en Meksikaanske loksjeijers. Atsto nei syn oerwinningsrede harke hast (oars moast it yn elts gefal mar ris dwaan) wol hy president wêze foar it hiele Amearikaanske folk, blank of swart en alle foarmen fan leauwen.
Ja, hy hat skyt oan de klimaatoerienkomst (dy't fansels ek in skynfertoaning is, want ek dêr wurde wer kapitalen oan fertsjinne). Hy seit yn elts gefal wêr't wy mei syn allen net foar út doarre te kommen: wy binne allegearre sels ferantwurdlik en misken dy't gjin takomst hawwe of tinke te hawwen, ha gjin boadskip oan de klimaatferoarings ( dy't net allinne troch it útstjitten fan koalmoanoksyde ensafuorthinne ûntsteane mar út syn aard allinne al feroaret. Ssels doe't der gjin fabryken, auto's ensfh. wiene is it klimaat al stikmannich kear feroare of omslein.)
Fierders kin it skelden op in Amearikaanske president of him útmeitsjen foar rasist opfette wurde as it misledigjen fan in president ut in befreon lân.
We sille it dermei dwaan moatte minsken en fansels is it ek sa dat in saaklik ynstinkt (en dat hat de beste man, soks hat hy bewiist) by it bestjoeren fan in lân net ûnhânsum is (en soks doch hy net alinne)

Yn elts gefal is it oan ús, befolking fan in kikkertslântsje oan 'e Noardsee, om hjirfan te learen. Ophâlde mei it gemiich oer futiliteiten sa as de kleur fan Sint syn Piterbaas en it opfangen fan minsken dy't harren rie t'en ein binne troch de sitewaasje yn harren lân, alles efter litte en hoopje om yn ús moaie lân beskerming en minskweardigens te finen.
Ek is eameljen oer diskriminaasje, dat hjir plak hawwe soe, van ús kleurde meiminske moat mar ris ôfrûn wêze. Der wurdt hjir yn Nederlân net massaal en struktureel diskriminearre en soks is hiel wat wurdig. Ynsidenten binne der, dat is wis en dy sille der ek altyd wol bliuwe,
Net eltsenien is segene mei likefolle yntelliginsje, “it's part of humanity”. Soks is earne oars yn 'e wrâld wol wat slimmer. Dêr kin men eltse wize fan oarswêzen fan in meiminske gewoanwei net sjen.
Soargje der yn elts gefal foar dat minsken it gefoel hawwe derby te hearren en net oan 'e râne fan de maatskippij telâne komme. Dan hoege wy gjin eangst te hawwen foar in opkommend populisme mei harren iensidige polityke tinkwizen. Soks fynt hjir dan gjin grûn.
Hoe it mei De hear Trump yn Amearika as president útpakke sil, we kome dêr yn 'e loop fan de tiid wol efter. Der is in soad op de man oan te merken, mar “wie zonder zonde is werpe de eerste steen”.
En ik siz mei de hillige Antonius: “Je moest eens weten wat de schepper van mij weet”.

(Hjoed: Soerkoalstampot mei spekjes in gehaktbaltsjes en in glês kefir mei banaan nei).


Storm over “The States”.(Ned)

Al ver voor de verkiezingen in de Verenigde Staten was er een ware hype op FaceBook ontstaan om maar op een vaak grove wijze tegen of Mevrouw Clinton of De heer Trump aan te schoppen. Natuurlijk besef ik ook wel dat de uitslag van verkiezingen aan de overkant van de oceaan van verregaande invloed op onze samenleving zal zijn, maar om in dermate grove bewoordingen tekeer te gaan tegen kanditaten van een ander land die op democratische wijze zijn voorgedragen als de nieuwe president blijft “not done”. Niemand is verplicht om het eens te zijn met welke gekozen kandidaat voor het presidentschap dan ook en ook niet wanneer deze tenslotte op democratische wijze is aangewezen als president.
Ik ben het met iedereen eens die het vreemd vindt dan Mevrouw Clinton met de meeste stemmen toch verliezen moest tegen De heer Trump die nu eenmaal de meeste kiesmannen wist bij elkaar te scharrelen. Maar dat is nu eenmaal een systeem waarvoor in de Verenigde Staten is gekozen.
Deze nieuwe president van de Verenigde Staten (die niet mijn keuze zou zijn – trouwens Mevrouw Clinton ook niet) zit daar ook gekozen door mensen die op een of andere wijze door de maatschappij zijn uitgespuugd, op dood spoor zijn gerangeerd of genegeerd en het gevoel hebben buitenspel te staan.

En nee, ik zou De heer Trump geen racist willen noemen al zijn er toch wel harde uitspraken in zijn verkiezingsretoriek
betreffende de islam en Mexicaanse gelukszoekers. Als je naar zijn overwinningsrede hebt geluisterd, zo niet moet je dat dan maar eens doen, wil hij er zijn voor de Amerikaan, zwart of blank en alle religies.
Ja, hij heeft schijt aan de klimaatovereenkomst (wat ook een farce is, want daar wordt ook kapitalen aan verdiend). Hij zegt tenminste waar we allemaal niet voor uit durven komen: we moeten de hand in eigen boezem steken en mensen die geen toekomst hebben of denken te hebben hebben geen boodschap aan veranderingen in het klimaat (dat overigens niet alleen door uitstoot maar ook door zijn aard alleen al verandert. Zelfs toen er nog geen fabrieken, auto's enz. waren is het wereldklimaat al tig keren veranderd.)
Verder, schelden op een Amerikaanse president of hem uitmaken voor racist (wat in mijn optiek hetzelfde is) kan natuurlijk worden opgevat als het beledigen van een bevriend staatshoofd.
We zullen het ermee moeten doen en het is natuurlijk ook zo dat een zakelijk instinct (en dat heeft de beste man, dat heeft hij bewezen) bij het runnen van een maatschappij (en hij doet dit niet alleen) niet onhandig is.

Het is in elk geval aan ons, bevolking van een kikkerlandje gelegen aan de Noordzee, om lering te trekken uit dit gebeuren. Ophouden met zeiken over futiliteiten zoals de kleur van de Piet van Sint en het opvangen van mensen die radeloos door de situatie in hun land alles in de steek laten en hopen om in ons mooie land bescherming en menswaardigheid te vinden.
Ook het zeuren over discriminatie, dat hier zou plaatsvinden ten aanzien van onze zongebruinde en rijk gepigmenteerde medemensen moet afgelopen zijn. Er wordt hier in Nederland niet massaal gediscrimineerd en dat is een groot goed. Er zijn incidenten, dat wel en die zullen er altijd blijven. Niet iedereen is met evenveel intelligentie behept, “its part of humanity” Dat is elders in de wereld wel anders waar men het op welke wijze anders zijn van medemensen gewoonweg zelfs niet eens kan gedogen. Zorg er in elk geval voor dat mensen zich gehoord voelen en niet aan de zijkant van de samenleving terecht komen. Dan hoeven wij van opkomend populisme met eenzijdige politieke denkbeelden niets te vrezen.
Hoe het met De heer Trump in Amerika als president zal uitpakken, we zullen het te zijner tijd wel gewaarworden
Er is veel op de man aan te merken, maar wie zonder zonde is: werpe de eerste steen.
Ik zeg met Antonius: Moest je eens weten wat de Schepper van mij weet.

(Vanavond: Zuurkoolstamppot met spekjes en gehaktballetjes met een glas kefir met banaan als toetje)