dinsdag 18 oktober 2016

Wolkeseks (Frysk) - Wolkenseks (Ned.)

Wolkeseks (F)
Hawwe jimme soks no ek? Eltse kear dat der hjir in fleanmasine oer komt tinke: “Soe it in Transavia tastel wêze en soene se dêr no boppe ek......”
Ik haw dit wol gauris, sûnt bekend wurden is dat der ien fan de stewardessen it docht mei de oare personielsleden oan board fan san fleantúch. Neffens de ferhalen wie sels de piloat net feilich te neamen. Liket my dreech om sokke toeren yn 'e cockpit út te heljen. It ynstrumentarium sit fansels wol yn 'e wei. Nee, net fijn......of dochs wol? Ja der binne genoch misken dy't soks spannend fine fansels. Efkes ien fan efteren pakke of pakt wurde wylst it fleantúch in “looping” makket. Soe dêrom sa faak sa'n ding nei ûnderen donderje? Yn elts gefal rint dan sa'n wolkewip net sa oangenaam ôf foar de oare passazjiers.
No wie ik al net sa'n fleaner. Se krije my net yn in fleantúch. Ik haw in ferskuorrende hichtefrees en ik moat der net oan tinke dat ik dêr sa heech tusken de wolken...... Ja, ik wit ek wol: se komme altyd wol wer op de grûn teloane, mar dat ist him no krekt hin? As ik de kombinaasje meitsje mei wat ik hjir boppe omskreaun haw en dan myn eangst foar hichte. Nee neat foar dizze jonge, sadat in wipke tusken de wolkens der perfoarst foar my net yn sit.
Nammers, it is fansels wol in goed idee om spesjale flechten te organisearjen wer't it wolkewipke (al as net yn 'e cockpit) ta de mooglikheden heart. Wurdt wol in djoer grapke, mar jo moatte der wat foar oer hawwe. Al sil it foar sommigen wolris it lêste wipke fan harren libbe wurde kinne.

Jûn: woarteltsjes, in stikmannich bildtstar ierdappeltsjes mei in woarstje fan de slachter út Gytsjerk mei lekkere sju en in gleske kefir mei banaan nei. (Ja, it kin net alle dagen fegetarysk wêze>>>)

Wolkenseks (N)
Hebben jullie zoiets nu ook? Iedere keer dat er een vliegtuig over komt denken: “Zou dit een Transaviatoestel zijn en zijn ze daar boven nu ook aan het....
Het overkomt mij wel vaak, sedert bekend is geworden dat er één van de stewardessen het met de andere personeelsleden aan boord van zo'n vliegtuig doet. Volgens de verhalen was zelfs de piloot verre van veilig. Lijkt me trouwens ook een hele toer om dergelijke fratsen uit te halen in de cockpit. Het instrumentarium zit natuurlijk daar danig in de weg. Nee, niet echt fijn.........of toch wel? Ja, er zijn genoeg lieden die zoiets wel spannend vinden. Even iemand van achteren pakken of gepakt worden terwijl het vliegtuig een looping maakt. Zou er daarom zo vaak zo'n ding naar beneden klappen? In dat geval loopt een wolkenwip niet al te smooth af voor de andere passagiers.
Nu ben ik niet zo'n vlieger, ze krijgen mij niet in zo'n ding. Ik heb afgrijselijk last van hoogtevrees en ik moet er niet aan denken dat ik daar zo op die hoogte tussen de wolken..... Ja, ik weet natuurlijk ook wel: ze komen altijd weer op de grond terecht, maar dat is het hem nu net he? Als ik dat wat hierboven staat omschreven combineer met mijn hoogtevrees. Nee, voor deze jongen is het echt niets, zodat een wip tussen de wolken er voor mij beslist niet in zit.
Trouwens, het zou natuurlijk wel een goed idee zijn om speciale vluchten te organiseren waarbij de wolkenwip (al of niet in de cockpit) tot de mogelijkheden gaat behoren. Wordt wel een duur grapje, maar men moet er natuurlijk wel wat voor over hebben. Al zal het voor sommigen wel eens de laatste wip van hun leven kunnen betekenen.

Vanavond: worteltjes, een paar bildtstar aardappeltjes met een sausijsje van de slager uit Gytsjerk met lekkere jus en een glaasje kefir met banaan na. ( Ja het is niet alle dagen vegetarisch wat de klok slaat...)