maandag 13 juni 2016

Regendans (Ned) - Reindûns (Frysk)

Regendans,
De afgelopen dagen waren niet gemakkelijk. Niet voor ons, niet voor de milieufreaks en niet voor de meteorologen. Regen, onweer, harde windstoten, het kon niet op. Het zich uitlevend natuurgeweld maakte op menig Nederlands burger een diepe zo niet onuitwisbare indruk. Zoiets hadden we nog nooit meegemaakt. Het leek wel of alle weergoden waren losgeslagen en hun jarenlange opgekropte agressie ontlaadden over onze goed geoutilleerde,ja van alle gemakken voorziene samenleving. En er werd nogal veel schade aangericht in die twee meteorologische niesbuien. Miljoenen euries moesten een andere bestemming vinden dan die welke daarvoor zo handig door onze economen was voorzien. Sorry dames en heren, buiten de waard van Moeder Natuur gerekend hé?
Nu denkt u natuurlijk: “Klimaatsverandering, milieu-invloeden, Moeder Natuur op sterven”.
Zou het? Moeder Natuur sterft niet. Zie Chernobyl. Zelfs na deze heftige kernramp is het niet de natuur die het opgeeft. Nee, het is de mens waarvoor de omgeving onleefbaar wordt. (goed voor de natuur dus juist)
De gebouwen, straten, parken en directe omgeving van de kerncentrale worden ondanks de straling al lang weer ingenomen door planten en dieren. Anders, ja maar mutaties hebben zich vanaf de jongste jaren van de aarde al voorgedaan.
Moeder Natuur gaat voort met “zijn”, zoals ze al eeuwen heeft gedaan en zal blijven doen tot het einde der tijden.
Dat er ondertussen structuren, verwachtingen, historische feiten van: het-is-altijd-zo-geweest, finaal omver worden geworpen is normaal. NORMAAL mensen. Extremen zijn normaal. Wij hebben sinds het ontstaan van de mensheid een betrekkelijke periode van rust gekend (op sommige plekken van deze aardbol althans). Een periode van pure comfort en luxe die de Natuur zich eigenlijk niet kan permitteren. Muteren is het credo. Evolueren het doel. Waar naartoe? God zal het weten, maar waarom zijn wij zo aanmatigend dat wij het wel weten?
Dus het weer van afgelopen perioden is niets bijzonders. Het enige bijzondere eraan is dat het haastig door overheden en milieufreaks in gebruik wordt genomen om ons te manipuleren. Maar al manipuleren ze ons dood, er is één die altijd lacht en voortgaat op haar eeuwigdurend pad: Moeder Natuur!

Reindûns,
De ôfrûne dagen wiene net maklik. Net foar ús, net foar de miljeufundamentalisten en net foar de meteorologen. Rein, ûnwaar, hurde wynstjitten, folle gjin genôch. It him alhiel útfierjend natuergeweld makke op in protte Nederlânske buorgers in djippe of faak ûnferjitlike yndruk. Soks heine we noch nea meimakke. It wie as wiene alle waargoaden losslein en harren foar jierren oppotte agresje ûntlaadden oer ús fan alle gemakken fersjoene maatskippij. Der waard in hiel protte skea oanrjochte yn die twa meteorologyske prústbuien. Miljoenen euries moasten in oare bestimming fine dan dy hokker dêrfoar sa handich troch ús ekonomen wie betocht. It spyt my minsken, jim hawwe jim raar ferrekkene mei de Natuer.
No tinke jo fansels: “klimaatferoarings, miljeu-ynfloeden, Natuer p stjerren nei dea”
Soe ’t? De natuer stjert net. Sjoch Chernobyl. Sels nei dizze ferheftige kearnramp is it net de Natuer dy’t it opjout. Nee, it is de minske wêrfoar de omjouwing ûnhâldber wurdt. (just goed foar de Natuer)
De gebouwen, strjitten, parken en de direkte omjouwing fan de kearnsintrale wurde ûntank de hege strieling al lang wer beset troch allegearre planten en bisten. Oars, ja mar mutaasjes hawwe harren fanôf de jongste jierren fan de ierde al foardien. De Natuer giet troch mei syn wêzen, sa at se it al ieuwen dien hat en altyd mei trochgiet oan ‘e ein fan alle tiid ta. Dat der ûndertusken struktueren, ferwachtings, histoaryske feiten fan: it-is-altyd-al-sa-west, oan ‘e grûn ta ôfbrutsen wurde is hielendal normaal. NORMAAL minsken. Ekstremen binne normaal. Wy hawwe sûnt it ûntstean fan it minskdom in betreklike perioade han fan rêst. (op guon plakken fan ús ierde yn elts gefal)
In perioade fan úterste komfort en lúkse dy’t de Natuer him eins net permittearje kin. Mutearje is de boadskip. Evoluearje is it heechste doel. Wêr ta? Us Leaven Hear sil ‘t witte, mar wêrom binne wy sa eigenwiis dat wy it wol tinke te witten?
Dus it waar fan de ôfrûne tiid is neat bysûnders. It ienige bysûndere deroan is dat it sa hastich troch ús oerheden en miljeufundamentalisten brûkt wurdt om ús te manipulearjen. Mar al manipulearje se ús dea, der is altyd ien dy’t laket en stil trochgiet op syn ieuwich duorjend paad: De natuer!!!


Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen