zondag 12 juni 2016

Gluurders (Ned) - Strúnjeiers (Frysk)

Gluurders
Iedereen kent ze wel, de potloodventers die, meestal gekleed in een lange overjas met bijna niets eronder, kleine meisjes en oude vrouwtjes overstuur maken door hun kaboutertje te tonen. Meestal gebeurt zoiets in een openbare ruimte of plantsoentje. Dat vinden zulke lieden geweldig. Aan de andere kant zijn er ook mensen die met graagte naar zulke menselijke onderdelen kijken (al of niet in vol ornaat en bedrijf zijnde) en daar hun opperste bevrediging in vinden. Deze lieden nomen we met een voornaam woord voyeurs of gluurders. Nee, natuurlijk bent u niet zo. U zou zich zoiets nooit in het hoofd halen.
Daarom doen Tv-programma’s als bijvoorbeeld
‘Gênante lijven, ‘Bevallingsverhalen’, ‘Het spijt me’, ‘Obesitas’, ‘Dit is mijn lijf’ en ‘Burenruzie’ het ook zo vreselijk goed. Enkele van die programma’s heb ik natuurlijk ook bekeken en de anderen hoefde ik alleen de titel maar te lezen. Nog even en (daar kunnen we op wachten) dan zijn er formats bedacht waarin oma’s hun laatste adem uitblazen en wie dan het eerst sterft krijgt van de omroep een kist met VIP-begrafenis cadeau. En we kijken natuurlijk allemaal.
Mensen zijn wij met elkaar in wezen niet net zo ziek als de ‘potloodventers’, ‘gluurders’ en de ‘fuckingneartherailroad-liefhebbers’? Als u denkt niet zo te zijn, kan de TV op Marktplaats, want mooier kunnen we het niet maken.

Strúnjeiers
We kinne se allegearre wol, de potleadsútelders dy’t, klaaid yn in meastentiids lange oerjas mei hast neat derûnder lytse famkes en âlde wyfkes fan streek bringe troch harren kabouterke sjen te litten. Faak bart soks yn in iepenbiere romte of in plantsoentsje. Dat fine se o sa fijn, dy sútelders. Mar oan ‘e oare kant binne der ek minsken dy’t graach sokke minsklike ûnderdielen besjogge, beloere (al of net yn bedriuw) en dêr harren gerak wer fan krije. Dizze minsken neame we mei in foarnaam wurd: Foyeur of strúnjeier. Nee fansels, jo binne net sa. Nee, jo soene soks nea yn ‘e plasse krije no?
Dêrom dogge sokke tillevyzjeprogramma’s as bygelyks
‘Gênante lijven, ‘Bevallingsverhalen’, ‘Het spijt me’, ‘Obesitas’ , ‘Dit is mijn lijf’ en ‘Burenruzie’ it ek sa goed. Ja inkelde fan de niiskrekt neamde programma’s haw ik fansels ek wol besjoen. Fan de oaren is it lêzen fan de titel wol foldwaande west. Noch efkes dan (en dêr kinne we op wachtsje) binne der formats útfûn wêryn beppes harren lêste siken útpûste en wa’t as earste stjert kriget fan de stjoerder in kist mei in VIP begraffenis kado. En wij sjogge der fansels ek nei.
Minsken binne wy mei-inoar net krek like siik as de potleadsútelders, de strúnjeiers en de ‘fuckingneartherailroad – leafhawwers?’ Binne jo net sa, dan kin de tillevyzje wol op marktplaats, want moaier wurdt it wier net.

Geen opmerkingen:

Een reactie plaatsen