vrijdag 10 juni 2016

De grote trek (Ned) - De grutte trek (Frysk)

De grote trek, (Ned)
Mensen zijn vreemde vogels. Trekvogels. Eens per jaar – bij sommigen vaker, maar dat is afhankelijk van de financiële omstandigheden – gaan ze op pad. Weg van alles wat hen lief is. Dan verlaten ze huis, stad of dorp en land en dan veelal over een grote afstand te reizen om op hun bestemming aan te komen. Dit ergens is dan in streek of land waar alles anders is. De omgeving, de mensen en zelfs het bed is er anders. Het is in veel van de gevallen van mindere kwaliteit dan ze thuis gewend zijn, zowel voor wat het bed als de andere voorzieningen van de accommodatie betreft. Maar ach, wat geeft het: ze hebben vakantie....toch? Ja, zo heet dat, vakantie. Uren en uren aan één stuk achter het stuur hutje bij mutje in een file onderweg naar hun bestemming. Een tijdlang gaat er niets anders dan blik, rubber en rook aan hun ogen voorbij. Maar ook dat is niet erg. Het beloofde land komt dichter en dichterbij.
En 600 kilometer is niets. Ze zijn er uit. Weg van het werk, van een jaar lang stress en gezeur aan de kop.
Eigenlijk willen ze ook wel iets dichterbij hun vakantie doorbrengen, maar dat gaat niet, want de kinderen moeten ook een mooi verhaal op school kunnen vertellen, is het niet? En natuurlijk wil je zelf ook wat mooie plaatjes schieten, waarmee je dan in combinatie met uitgebreide verhalen kennissen en familie de kop gek kunt maken.
Vader achter het stuur, Moeders onderuitgezakt met een kaart in de hand er naast. Nee, geen Tomtom, want die stuurt je alleen maar de verkeerde kant op volgens Moeders.
Intussen maken de kinderen elkaar af op de achterbank, wat een grote inbreuk op de concentratie van de chauffeur geeft en Moeders zo nu en dan tot een snerpende terechtwijzing brengt.
Na een zekere hoeveelheid klappen, liters bloed en benzine verder, komen ze dan ook volslagen leeg en bezweet op de bestemming aan en is het “genieten geblazen”.
Die nacht, liggend onder het naar vreemde zweetvoeten ruikend hoteldekbed en nadat Vader en Moeder elkaar “goede nacht” toe hebben gewenst, fluistert Moeder zacht: “Wat hadden we het vroeger fijn he, zo tijdens die kampeervakanties samen op Terschelling”.




De grutte trek, (Frysk)
Minsken binne núvere fûgels. Trekfûgels. Ien kear yn ’t jier - by sommigen faker, mar dat hinget fan 
de finansjele omstannichheden ôf - geane se fuort. Wei fan alles wat harren leaf is. Dan ferlitte se harren hûs, stêd of doarp en lân om meastentiids oer sa’n grut mooglike ôfstân te reizgjen om earne terjochte te kommen. Meastentiids yn in lân of streek wêr’t alles oars is. De omjouwing, de minsken en sels it bêd is oars. Faak is it fan mindere kwaliteit dan dat se thús went binne, sawol it bêd as de oare foarsjennings fan de akkommodaasje. Mar hawar dat dondert neat: se hawwe fakânsje. Ja sa hjit dat: fakânsje. Oeren en oeren oanienwei ride se dan hutsje by mudsje yn ‘e file nei harren bestimmings. Se sjogge dan in hiel skoft neat oars as blik, rubber en reek. Mar soks hindert neat hear. It beloofde lân komt hyltyd mear en mear tichterby.
En ja, 600 kilometer is dan neat. Se binne der út. Fuort fan ‘t wurk, fan in jier lang stres en geseur oan ’e kop. Eins woene se wol tichterby harren fakânsje trochbringe, mar dat kin net, want de bern moatte ek wat op skoalle te fertellen hawwe hin? En fansels wolle jo sels ek dy moaie plaatsjes sjitte, wêrmei ‘t jo dan yn kombinaasje mei wiidweidige ferhalen kennissen en famylje de kop gek meitsje kinne.
Heit oan ’t stjoer, Mem ûnderútsakke mei in kaart yn ‘e hân neist him. Nee, gjin Tomtom, want dêrmei komme jo allinne mar op it ferkearde plak telâne neffens Mem.
Undertusken meitsje de bern elkoar ôf op de efterbank, wat fansels de sjauffeur in protte ferdivedaasje jout en Mem sa út en troch ta in snetterjende terjochtwizing bringt.
Nei safolle klappen, liters bloed en besine fjirder komme se dan ek folslein leech en beswit op harren bestimming oan en giet it “grutte genietsjen” begjinnen.
Nachts, lizzend ûnder harren nei frjemde switfuotten rûkende hoteldekbêd en nei’t Heit en Mem elkoar “goeie nacht” winske hawwe, flústeret Mem sacht: “Wat hiene we it froeger moai hin, dy kampeerfakânsjes tegearre op Skylge…..