maandag 13 juni 2016

Regendans (Ned) - Reindûns (Frysk)

Regendans,
De afgelopen dagen waren niet gemakkelijk. Niet voor ons, niet voor de milieufreaks en niet voor de meteorologen. Regen, onweer, harde windstoten, het kon niet op. Het zich uitlevend natuurgeweld maakte op menig Nederlands burger een diepe zo niet onuitwisbare indruk. Zoiets hadden we nog nooit meegemaakt. Het leek wel of alle weergoden waren losgeslagen en hun jarenlange opgekropte agressie ontlaadden over onze goed geoutilleerde,ja van alle gemakken voorziene samenleving. En er werd nogal veel schade aangericht in die twee meteorologische niesbuien. Miljoenen euries moesten een andere bestemming vinden dan die welke daarvoor zo handig door onze economen was voorzien. Sorry dames en heren, buiten de waard van Moeder Natuur gerekend hé?
Nu denkt u natuurlijk: “Klimaatsverandering, milieu-invloeden, Moeder Natuur op sterven”.
Zou het? Moeder Natuur sterft niet. Zie Chernobyl. Zelfs na deze heftige kernramp is het niet de natuur die het opgeeft. Nee, het is de mens waarvoor de omgeving onleefbaar wordt. (goed voor de natuur dus juist)
De gebouwen, straten, parken en directe omgeving van de kerncentrale worden ondanks de straling al lang weer ingenomen door planten en dieren. Anders, ja maar mutaties hebben zich vanaf de jongste jaren van de aarde al voorgedaan.
Moeder Natuur gaat voort met “zijn”, zoals ze al eeuwen heeft gedaan en zal blijven doen tot het einde der tijden.
Dat er ondertussen structuren, verwachtingen, historische feiten van: het-is-altijd-zo-geweest, finaal omver worden geworpen is normaal. NORMAAL mensen. Extremen zijn normaal. Wij hebben sinds het ontstaan van de mensheid een betrekkelijke periode van rust gekend (op sommige plekken van deze aardbol althans). Een periode van pure comfort en luxe die de Natuur zich eigenlijk niet kan permitteren. Muteren is het credo. Evolueren het doel. Waar naartoe? God zal het weten, maar waarom zijn wij zo aanmatigend dat wij het wel weten?
Dus het weer van afgelopen perioden is niets bijzonders. Het enige bijzondere eraan is dat het haastig door overheden en milieufreaks in gebruik wordt genomen om ons te manipuleren. Maar al manipuleren ze ons dood, er is één die altijd lacht en voortgaat op haar eeuwigdurend pad: Moeder Natuur!

Reindûns,
De ôfrûne dagen wiene net maklik. Net foar ús, net foar de miljeufundamentalisten en net foar de meteorologen. Rein, ûnwaar, hurde wynstjitten, folle gjin genôch. It him alhiel útfierjend natuergeweld makke op in protte Nederlânske buorgers in djippe of faak ûnferjitlike yndruk. Soks heine we noch nea meimakke. It wie as wiene alle waargoaden losslein en harren foar jierren oppotte agresje ûntlaadden oer ús fan alle gemakken fersjoene maatskippij. Der waard in hiel protte skea oanrjochte yn die twa meteorologyske prústbuien. Miljoenen euries moasten in oare bestimming fine dan dy hokker dêrfoar sa handich troch ús ekonomen wie betocht. It spyt my minsken, jim hawwe jim raar ferrekkene mei de Natuer.
No tinke jo fansels: “klimaatferoarings, miljeu-ynfloeden, Natuer p stjerren nei dea”
Soe ’t? De natuer stjert net. Sjoch Chernobyl. Sels nei dizze ferheftige kearnramp is it net de Natuer dy’t it opjout. Nee, it is de minske wêrfoar de omjouwing ûnhâldber wurdt. (just goed foar de Natuer)
De gebouwen, strjitten, parken en de direkte omjouwing fan de kearnsintrale wurde ûntank de hege strieling al lang wer beset troch allegearre planten en bisten. Oars, ja mar mutaasjes hawwe harren fanôf de jongste jierren fan de ierde al foardien. De Natuer giet troch mei syn wêzen, sa at se it al ieuwen dien hat en altyd mei trochgiet oan ‘e ein fan alle tiid ta. Dat der ûndertusken struktueren, ferwachtings, histoaryske feiten fan: it-is-altyd-al-sa-west, oan ‘e grûn ta ôfbrutsen wurde is hielendal normaal. NORMAAL minsken. Ekstremen binne normaal. Wy hawwe sûnt it ûntstean fan it minskdom in betreklike perioade han fan rêst. (op guon plakken fan ús ierde yn elts gefal)
In perioade fan úterste komfort en lúkse dy’t de Natuer him eins net permittearje kin. Mutearje is de boadskip. Evoluearje is it heechste doel. Wêr ta? Us Leaven Hear sil ‘t witte, mar wêrom binne wy sa eigenwiis dat wy it wol tinke te witten?
Dus it waar fan de ôfrûne tiid is neat bysûnders. It ienige bysûndere deroan is dat it sa hastich troch ús oerheden en miljeufundamentalisten brûkt wurdt om ús te manipulearjen. Mar al manipulearje se ús dea, der is altyd ien dy’t laket en stil trochgiet op syn ieuwich duorjend paad: De natuer!!!


zondag 12 juni 2016

Gluurders (Ned) - Strúnjeiers (Frysk)

Gluurders
Iedereen kent ze wel, de potloodventers die, meestal gekleed in een lange overjas met bijna niets eronder, kleine meisjes en oude vrouwtjes overstuur maken door hun kaboutertje te tonen. Meestal gebeurt zoiets in een openbare ruimte of plantsoentje. Dat vinden zulke lieden geweldig. Aan de andere kant zijn er ook mensen die met graagte naar zulke menselijke onderdelen kijken (al of niet in vol ornaat en bedrijf zijnde) en daar hun opperste bevrediging in vinden. Deze lieden nomen we met een voornaam woord voyeurs of gluurders. Nee, natuurlijk bent u niet zo. U zou zich zoiets nooit in het hoofd halen.
Daarom doen Tv-programma’s als bijvoorbeeld
‘Gênante lijven, ‘Bevallingsverhalen’, ‘Het spijt me’, ‘Obesitas’, ‘Dit is mijn lijf’ en ‘Burenruzie’ het ook zo vreselijk goed. Enkele van die programma’s heb ik natuurlijk ook bekeken en de anderen hoefde ik alleen de titel maar te lezen. Nog even en (daar kunnen we op wachten) dan zijn er formats bedacht waarin oma’s hun laatste adem uitblazen en wie dan het eerst sterft krijgt van de omroep een kist met VIP-begrafenis cadeau. En we kijken natuurlijk allemaal.
Mensen zijn wij met elkaar in wezen niet net zo ziek als de ‘potloodventers’, ‘gluurders’ en de ‘fuckingneartherailroad-liefhebbers’? Als u denkt niet zo te zijn, kan de TV op Marktplaats, want mooier kunnen we het niet maken.

Strúnjeiers
We kinne se allegearre wol, de potleadsútelders dy’t, klaaid yn in meastentiids lange oerjas mei hast neat derûnder lytse famkes en âlde wyfkes fan streek bringe troch harren kabouterke sjen te litten. Faak bart soks yn in iepenbiere romte of in plantsoentsje. Dat fine se o sa fijn, dy sútelders. Mar oan ‘e oare kant binne der ek minsken dy’t graach sokke minsklike ûnderdielen besjogge, beloere (al of net yn bedriuw) en dêr harren gerak wer fan krije. Dizze minsken neame we mei in foarnaam wurd: Foyeur of strúnjeier. Nee fansels, jo binne net sa. Nee, jo soene soks nea yn ‘e plasse krije no?
Dêrom dogge sokke tillevyzjeprogramma’s as bygelyks
‘Gênante lijven, ‘Bevallingsverhalen’, ‘Het spijt me’, ‘Obesitas’ , ‘Dit is mijn lijf’ en ‘Burenruzie’ it ek sa goed. Ja inkelde fan de niiskrekt neamde programma’s haw ik fansels ek wol besjoen. Fan de oaren is it lêzen fan de titel wol foldwaande west. Noch efkes dan (en dêr kinne we op wachtsje) binne der formats útfûn wêryn beppes harren lêste siken útpûste en wa’t as earste stjert kriget fan de stjoerder in kist mei in VIP begraffenis kado. En wij sjogge der fansels ek nei.
Minsken binne wy mei-inoar net krek like siik as de potleadsútelders, de strúnjeiers en de ‘fuckingneartherailroad – leafhawwers?’ Binne jo net sa, dan kin de tillevyzje wol op marktplaats, want moaier wurdt it wier net.

vrijdag 10 juni 2016

De grote trek (Ned) - De grutte trek (Frysk)

De grote trek, (Ned)
Mensen zijn vreemde vogels. Trekvogels. Eens per jaar – bij sommigen vaker, maar dat is afhankelijk van de financiële omstandigheden – gaan ze op pad. Weg van alles wat hen lief is. Dan verlaten ze huis, stad of dorp en land en dan veelal over een grote afstand te reizen om op hun bestemming aan te komen. Dit ergens is dan in streek of land waar alles anders is. De omgeving, de mensen en zelfs het bed is er anders. Het is in veel van de gevallen van mindere kwaliteit dan ze thuis gewend zijn, zowel voor wat het bed als de andere voorzieningen van de accommodatie betreft. Maar ach, wat geeft het: ze hebben vakantie....toch? Ja, zo heet dat, vakantie. Uren en uren aan één stuk achter het stuur hutje bij mutje in een file onderweg naar hun bestemming. Een tijdlang gaat er niets anders dan blik, rubber en rook aan hun ogen voorbij. Maar ook dat is niet erg. Het beloofde land komt dichter en dichterbij.
En 600 kilometer is niets. Ze zijn er uit. Weg van het werk, van een jaar lang stress en gezeur aan de kop.
Eigenlijk willen ze ook wel iets dichterbij hun vakantie doorbrengen, maar dat gaat niet, want de kinderen moeten ook een mooi verhaal op school kunnen vertellen, is het niet? En natuurlijk wil je zelf ook wat mooie plaatjes schieten, waarmee je dan in combinatie met uitgebreide verhalen kennissen en familie de kop gek kunt maken.
Vader achter het stuur, Moeders onderuitgezakt met een kaart in de hand er naast. Nee, geen Tomtom, want die stuurt je alleen maar de verkeerde kant op volgens Moeders.
Intussen maken de kinderen elkaar af op de achterbank, wat een grote inbreuk op de concentratie van de chauffeur geeft en Moeders zo nu en dan tot een snerpende terechtwijzing brengt.
Na een zekere hoeveelheid klappen, liters bloed en benzine verder, komen ze dan ook volslagen leeg en bezweet op de bestemming aan en is het “genieten geblazen”.
Die nacht, liggend onder het naar vreemde zweetvoeten ruikend hoteldekbed en nadat Vader en Moeder elkaar “goede nacht” toe hebben gewenst, fluistert Moeder zacht: “Wat hadden we het vroeger fijn he, zo tijdens die kampeervakanties samen op Terschelling”.




De grutte trek, (Frysk)
Minsken binne núvere fûgels. Trekfûgels. Ien kear yn ’t jier - by sommigen faker, mar dat hinget fan 
de finansjele omstannichheden ôf - geane se fuort. Wei fan alles wat harren leaf is. Dan ferlitte se harren hûs, stêd of doarp en lân om meastentiids oer sa’n grut mooglike ôfstân te reizgjen om earne terjochte te kommen. Meastentiids yn in lân of streek wêr’t alles oars is. De omjouwing, de minsken en sels it bêd is oars. Faak is it fan mindere kwaliteit dan dat se thús went binne, sawol it bêd as de oare foarsjennings fan de akkommodaasje. Mar hawar dat dondert neat: se hawwe fakânsje. Ja sa hjit dat: fakânsje. Oeren en oeren oanienwei ride se dan hutsje by mudsje yn ‘e file nei harren bestimmings. Se sjogge dan in hiel skoft neat oars as blik, rubber en reek. Mar soks hindert neat hear. It beloofde lân komt hyltyd mear en mear tichterby.
En ja, 600 kilometer is dan neat. Se binne der út. Fuort fan ‘t wurk, fan in jier lang stres en geseur oan ’e kop. Eins woene se wol tichterby harren fakânsje trochbringe, mar dat kin net, want de bern moatte ek wat op skoalle te fertellen hawwe hin? En fansels wolle jo sels ek dy moaie plaatsjes sjitte, wêrmei ‘t jo dan yn kombinaasje mei wiidweidige ferhalen kennissen en famylje de kop gek meitsje kinne.
Heit oan ’t stjoer, Mem ûnderútsakke mei in kaart yn ‘e hân neist him. Nee, gjin Tomtom, want dêrmei komme jo allinne mar op it ferkearde plak telâne neffens Mem.
Undertusken meitsje de bern elkoar ôf op de efterbank, wat fansels de sjauffeur in protte ferdivedaasje jout en Mem sa út en troch ta in snetterjende terjochtwizing bringt.
Nei safolle klappen, liters bloed en besine fjirder komme se dan ek folslein leech en beswit op harren bestimming oan en giet it “grutte genietsjen” begjinnen.
Nachts, lizzend ûnder harren nei frjemde switfuotten rûkende hoteldekbêd en nei’t Heit en Mem elkoar “goeie nacht” winske hawwe, flústeret Mem sacht: “Wat hiene we it froeger moai hin, dy kampeerfakânsjes tegearre op Skylge…..

De processierups (Ned) - De prosesjerûp (Frysk)

De processierups. (Ned)
Het is me wat, het is me wat. Je zou je bijna gepasseerd voelen in deze tijden van woeste zich aan seksuele escapades te buiten gaande paters en ander religieus volk. Nee, beste mensen: ik ben nimmer misbruikt door welke priester dan ook. Het lijkt me vreselijk zoiets in je vroege jeugd te hebben meegemaakt en gelukkig kan ik niet oordelen hoe vreselijk het dan wel niet is of is geweest. Maar waar ik wel over wil en mijns inziens kan oordelen is de mediahype die gecreëerd werd om een dergelijk walgelijk (en daar blijf ik bij) fenomeen. Hebben we in de media de hype betreffende de burgerparticipatie nog niet gehad of de klimaatcrisishype, pensioencrisis of de hype van de Euro-exitcrisis dient zich aan. En dan zitten we nu vastgebakken aan de “vieze patertjes”. Ellende komt nooit alleen. Het komt meestal in clusters van meerdere zaken tegelijk. Als een soort afstotelijke processie trekt het via de media langs het publiek voorbij. Vergeef me in dit verband het woord processie. Hieraan moest ik denken toen ik vanochtend op het internet las dat de processierups binnenkort weer in aantocht is en ook in Friesland zich tegoed zal doen aan ons openbaar en niet openbaar groen. De haren van deze lekkere diertjes worden meegevoerd door de lucht en blijven in je onbedekte huid steken . Hierdoor kunnen grote irritaties en zelfs ontstekingsverschijnselen optreden. Een gewaarschuwd mens telt voor twee! Maar deze overdenking geheel samenvattend blijf ik toch het steken van deze oervervelende rupsjes prevaleren boven het “steken” van de nog steeds heftig in de publiciteit komende “vieze patertjes”.

De prosesjerûp (Frysk)
‘t Is my wat, ‘t is my wat. Je soene jo hast bûtenslúten fiele yn disse tiden mei woaste harren oan ferskate seksuele útspattings te bûten geande paters en oar religieus folk. Nee minsken, nea bin ik misbrûkt troch hokfoar pater dan ek. It liket my ferskriklik soks yn jo jeugd meimakke te hawwen en lokkigernôch kin ik net in oardiel jaan hoe ferskriklik soks dan wol net is of west is. Mar wêr’t i wol wat oer sizze wol en nei myn gedachten ek wat sizze kin is de mediagekte dy’t kreëarre waard om in sok walchlik (en dêr bliuw ik by) fenomeen. Hawwe we yn ‘e media de gekte oangeande de boargerpartisipaasje noch net hân of de klimaatkrisisgekte, pensioenkrisis of it idioate geëamel oer de Euro-exit krisis oerspielt it lân. En no dan dus sitte we in skoftsje fêst oan de “fize paterkes”. Ellinde komt nea allinne. Meastentiids komt soks yn groepkes fan mear saken tagelyk. As in soarte fan grouwélige prosesje komt it fia de media by it publyk del. Jimme moatte my it wurd prosesje yn dit ferbân mar efkes ferjaan. Ik moast daliks deroan tinke doe’t ik fanmoarn op ‘t ynternet lies dat men wer tinkt oan in nije pleag fan de prosesjerûp. Ek yn Fryslân liket it dat dit biske him ynkoarten wer gelde litte sil. De hierkes fan dizze skatsjes wurde troch de wyn meifiert en bliuwe yn jo ûnbedutsen fel stekken. Dêrtroch kinne der grutte yrritaasjes foarkomme en sels ûntstekkingsferskynsels kinne net útsletten wurde. Se riede it publyk oan harren fel sa folle as mooglik te bedekken. (In boerkaferbot sil yn disse saak fansels averjochts wurkje. Sis no sels wat helpt der no better om in rûp tsjin te hâlden) In warskôge minske telt foar twa! Mar dizze oertinking yn syn gehiel gearfetsjend bliuw ik dochs wol it stekken fan dizze oerferfelende rûpkes prevalearjen boppe it “stekken” fan de noch hieltyd yn de publisiteit kommende “fize paterkes”