zaterdag 28 mei 2016

Warmte (Ned) - Waarmte (Frysk)

Warmte
Een middelvinger is een mooi iets. Zowat de meeste mensen zijn in het rijke bezit ervan en het is dan ook jammer dat het eigenlijk zo'n miskend onderdeel van het menselijk lichaam is.
Hij moet, in tegenstelling tot nu, veel meer worden gebruikt. De wereld zou er dan misschien veel eenvoudiger komen uit te zien. Voor elke vinger een aparte functie zou mijn idee zijn.
Laatst kwam ik een toepassing tegen welke eigenlijk valt onder het oneigenlijk gebruik van menselijke lichaamsdelen en zou dan ook zwaar moeten worden bestraft. Het was een warme dag. Mijn ega en ik staken de Valeriusstraat in Leeuwarden over op een moment dat alle verkeer van onze kant van de weg in file voor het Europaplein stond. Ze stonden stil, dus konden wij tot de middenstreep oversteken. Op hetzelfde moment dat wij dat deden, begon de file gelijk weer te rijden. Niets aan het handje, zou men zeggen. Zo is het natuurlijk ook, want ik kom zelf als autobestuurder soortgelijke situaties vaak genoeg tegen. Even op de wielijders wachten, want ach, het verkeer vóór je rijdt toch zo langzaam en een heer in het verkeer toont meer! Maar één van de autobestuurders, een jongeman met een tuiltje blonde wezens van de andere sexe op de achterbank dacht hier heel anders over. Hij gaf wat extra gas, met andere woorden: “Schiet op, ik ben zo belangrijk en warm (door het weer of de meiden op de achterbank...wie zal het zeggen) en ben niet van plan op jullie te wachten”. We deden net of we het niet hoorden en op het midden van de weg aangekomen keken we de auto nog even na. De chauffeur zocht vol gas aansluiting bij de file. Met een wat dierlijk aandoend gebaar stak de man zijn met afgebeten nageltjes versierde middelvinger naar ons omhoog al wilde hij zeggen: “fuck you”. Nu niet graag, ik houd meer van vrouwen, maar ook als dat niet zo zou zijn zou dit figuur beslist de laatste zijn.....
Toen kwam bij mij het idee op om elke vinger een zinvolle taak toe te delen. Bijvoorbeeld: liften blijft erg handig om met de duim te doen. Sms-berichten ook. De wijsvinger is erg geschikt om dingen aan te wijzen. De pink kunnen we gebruiken om de neusgaten schoon te houden en als reserve de ringvinger erbij betrekken voor het geval de pink niet genoeg mocht zijn. Zullen we dan de middelvinger voortaan inzetten om elkaar te begroeten? Ten eerste haalt dit het wapen uit handen van mannetjes met een minimalistisch zelfbeeld om hun meer met verstand bedeelde medemensen te beledigen. Ten tweede kan dan het beledigen worden overgelaten aan de wereld van het weblog. Mijn idee: “A very smooth way of insulting somebody you dont like”.
Laten we dan met elkaar afspreken: We groeten met de middelvinger en op het internet bloggen en Facebooken we elkaar de boom in. Op naar een betere wereld mensen.
Morgen lekker uitslapen.....   

Waarmte 
In middelfinger is in moai ding. Hast de measten fan ús binne yn it rike besit derfan en it is jammer dat it dan ek in bytsje in miskend ûnderdiel fan it minskelik lichem is.
Hij moast folle mear brûkt wurde dan no. Dan soe de wrâld der faaks wat ienfâldiger út komme te sjen. Foar elke funksje in finger soe myn idee wêze.
Lestlyn kaam ik in tapassing tsjin dy't eins falt ûnder it ûneigentlik brûken fan minsklike lichemsdielen en soe ek swier straft wurde moatte. It wie in waarme dei. Myn ega en ik stutsen de Valeriusstrjittte yn Ljouwert oer op in momint dat alle ferkear fan ús kant yn file foar it Jeropaplein stie. Se stiene, dus wy koene oerstekke oant de midden ta. Op 't momint dat wy dat diene begûn de file krekt wer te riden. Neat oan 'e hân soene jo ek sizze. No, sa is 't mar krekt, want ik kom ek sa faak as autobestjoerder yn sa'n situaasje telâne. Efkes op de fytsers wachtsje, want och, it ferkear foar dy riidt dochs al sa stadich en in hear yn 't ferkear toant mear!
Mar dizze jongkeardel, (mei in stikmannich blonde wêzens fan "the opposite sex" op 'e efterbank) tocht der blykber oars oer. Hy liet syn motorke wat ekstra raze, mei oare wurden: "sjit op, ik bin belangryk, waarm (troch it waar of de froulju) en wol net op jimme wachtsje".
Wij diene krekt oft we it net hearden en op it midden fan 'e dyk oankommen seach ik de auto efkes nei, doe't er mei fol gas oanslúting socht by de file. De man stuts mei in ferheftich gebeard syn mei ôfbiten neiltsjes fersierde middelfinger omheech as woe der sizze "fuck you!" No, net graach. No hâld ik mear fan froulju, mar ek as dat net sa wie, soe hy perfoarst de lêste wêze.
Doe kaam by mij it idee op om eltse finger in hiel eigen taak ta te dielen.
Bygelyks liftsje bliuwt handich mei de tomme te dwaan. Sms berjochtsjes stjoere ek. De wiisfinger brûke we om eat oan te wizen. De pink om ús noastergatten leech te klauwen en as reserve de ringfinger foar't gefal we oan de pink net genôch hawwe.
Sille we dan de middelfinger foartoan brûke om elkoar te groetsjen? Ynearsten slacht it in wapen út hannen fan mantsjes mei in minimaal selsbyld om harren meiminke te misledigjen wannear't se harren sin net krije kinne. Op it twadde plak kin dan it misledigjen oerlitten wurde oan de wrâld fan it webloch. Soks is nei myn idee "A very very smooth way of insulting somebody you don't like".
Litte we dit dan mei-inoar ôfprate: We groetsje mei de middelfinger en op 't ynternet blogge en Facebooke we elkoar de beam yn. Op nei in bettere wrâld minsken!
Moarnier lekker efkes útsliepe.....

woensdag 11 mei 2016

De klimaatweechskaal (Frysk)

De klimaatweechskaal
De minske is fernuftich. En hy wurdt hieltyd handiger om syn soart it libben slimmer, ja hast ûnmooglik te meitsjen.
De nijste útfining no is de “klimaat-weechskaal”. It fiedingssintrum hat op it ynternet in ynstrumint betocht om neigean te kinnen hoefolle at jo en myn deistich menu belêstend wêze sil foar ‘t miljeu. Ik sis mei opset sin ”wêze sil”. It leit fansels yn ‘e bedoeling dat, nei’t jo dit mjitten hawwe fan de reade bieten mei sipelsjeu dy’t jo straks ite wolle, sok hearliks net trochgiet. Kin net foar ‘t miljeu!! Sjogge jo it al foar eagen? Mem dy’t de heale moarn yn ‘e keuken sit mei de leptop op ‘e skurte om út te rekkenjen hoefolle miljeukredyt der dizze wike noch oer is foar in fatsoenlik miel? Gjin fleis want foar sok guod moatte bisten dea. Gjin soja, want dat kostet tropysk bosk dat omkappe wurdt om de sojabeannen plak te jaan. Gjin rys, want dêr moatte lytse bern slavewurk foar ferrjochtsje. Gjin fruit, want dêryn kin, om’t we net mear spuitsje meie, de seldsume fruitwjirm in nêst hawwe. Gjin sipels om’t we dêrfan sa ruftsje, dat ús hiele miljeu dêr wrâldwiid fan nei de kloaten giet.
Ja mem hat in grut probleem.
En dan alle brúne jonges dy’t troch de Nederlânske befolking it rioel ynblaast wurdt! Rekkenje mar ris út. In bytsje in drol is sa’n 15 sintimeter lang. Gemiddeld dan, sille we mar sizze. Der binne 16.000.000 Nederlanners. Litte dy no sa om de dei nei’t húske gean en elk dy fyftjin sintimeter yn produksje nimme. Dat is foar elke Nederlanner 364 : 2 = 182 kear 15 sintimeter en dat makket 27,3 meter. Fermannichfâldigje dat noris mei 16.000.000. Dan komme jo op 436.800.000 meter minskestront!
De omtrek fan de ierde is rûchwei 40.000 kilometer. Stel jo no foar: Jo kinne rom 10,9 rigen stront om de evenaar lizze fan allinne dy 16.000.000 skitende Nederlanners. Wat in lêst foar it miljeu!
Unsin en ûnnoazel fan my om soks út te rekkenjen? ‘k Wit net, faaks wol minder ûnnoazel dan de saken wêr’t in protte fan dy fanatike miljeufreaks har mei dwaande hâlde.
Ik soe sizze: lekker ite minsken!