maandag 1 september 2014

De Smartphone-aap (Ned) - De Tûketillefoan-aap (Frysk)

De Smartphone-aap
Communicatie is prachtig en we kunnen natuurlijk, indien noodzakelijk, niet genoeg communiceren. Altijd bereikbaar zijn is een langgekoesterde droom die door de komst van de smartphone werkelijkheid is geworden. Iedereen kan (bijna) altijd en (bijna) overal  “bellen” of “sms-en”, Youtube'n, en Whatsappen. Prachtig toch? Sta je ergens met pech of ben je onderweg en je moet iemand nog ergens van verwittigen is geen afstand te groot. In no time is het contact gelegd en de boodschap doorgegeven. Zelfs al ga je met al je geld in een sporttas op pad, waarna een overvaller je alle pegulanten ontfutselt terwijl je voor lijk in struikgewas, greppel of sloot wordt achtergelaten: met de smartphone nog in je broekzak ben je altijd te traceren. Daar heeft dan de familie weer voordeel van. Een pracht uitvinding die smartphone. Maar ergerlijk wordt het pas als je op camping, straat, in de winkel en zelfs je eigen tuin wordt gedwongen mee te luisteren met soms wel heel persoonlijk getinte gesprekken. Met indringend stemgeluid waaruit blijkt dat elke poging het volume aan de situatie aan te passen achterwege blijft, horen we hoe Marietje het weer met Gijs doet en wat de gevolgen daarvan zijn etc.. Ik weet: ik heb er niets mee te maken, maar ik hoor het toch. Ook als ik dit niet wil!
De beller zelf denkt waarschijnlijk dat er niemand luistert, maar ik ervaar het soms als vernederend voor lucht te worden aangezien. Is het niet zo dat vroeger de adel ook luidruchtig zijn of haar meest intieme problemen met elkaar besprak, terwijl het personeel (waarschijnlijk werden die gezien als üntermenschen) erbij aanwezig was?
Kom op mensen, laat je zien en horen! Praat desnoods mee met de brutale smartphone-bellers. Laat merken dat je geen lucht bent. Laat desnoods een luide stinkende wind. Maar wees aanwezig!

De Tûketillefoan-aap
Kommunikaasje is prachtich en we kinne fansels, mocht it moatte, nea genôch kommunisearje. Altyd berikber te wêzen is in âlde dream dy’t troch de komst fan de tûketillefoan wurklikheid wurden is. Elkenien kin (hast) altyd en (hast) oeral “skilje”, “smsse” joetjoeppe en wotseppe. Hartstikke moai is soks dochs! Steane jo earne mei panne oan ‘e dyk of binne jo ûnderweis en jo moatte immen noch in pear saken meidiele, is fansels gjin ôfstân te grut. Yn in wink is der kontakt en hawwe jo it boadskip trochjûn. Sels al geane jo mei al jo jild yn in sporttas op en paad, in rôver nimt jo it jild ôf wylst er jo foar dea yn ‘e boskjes, groppe of sleat efterlit: mei detûketillefoan  noch yn ‘e bûse binne jo altyd te finen. Dêr hat de famylje fansels wer in protte foardiel fan. In pracht útfining sa’n tûketillefoan. Mar ergerlik wurdt it as jo op kamping, strjitte, yn ‘e winkel en sels yn jo eigen tún twongen wurde te harkjen nei alle soms wol hiel persoanlike petearen. Mei ynkringjend stimlûd, wêrút bliken docht dat men sels net besiket wat beskiedener te praten, krije we te hearren hoe’t Saakje it wer mei Geale docht en hokfoar gefolch soks dan wol net hat, ensfh.. Ik wit wol: hjir haw ik neat mei te krijen, mar ik hear it dochs. Ek wannear’t ik it perfoarst net wol.
De skiller tinkt sels faaks dat nimmen it heart, mar ik fyn it fernederjend om foar lucht oansjoen te wurden. Is it ek net sa dat yn it ferline de adel lûdroftich harren somtiden meast yntime problemen mei elkoar bespruts, wylst it personiel ( dy wiene dan fansels üntermenschen) dêrby oanwêzich wie? Kom op minsken, lit jimme sjen en hearre! Praat desneeds mei tsjin de bretale tûketillefoan-skillers. Lit merke dat jo net fan lucht binne. Lit desneeds in lûde stjonkende ruft, mar wês oanwêzich! No sa!