woensdag 20 november 2013

Wolfje - (Fr.) Wolfje - (Ned.)

Wolfje (Frysk)
Dageliks kamen se foarby kuierjen. In fêste roete. De ien wat mear skrútel dan de oare. Altyd efkes nei binnen kypje en dan hommels wer fierder. Ja de minsken efter it glês koene jin ris wat oandwaan no?
Der waard tsjin de hage oan sproeid, út de gieter dronken, of samar foarby kuiere. Elk hie syn of har eigen namme. Die hiene wy harren jûn en it wiene der fiif: Sproeierke, Gieterke, Teeskûteltsje, Hekske en fansels Wolfje. Ik moat der wol by fertelle dat Wolfje syn echte namme wie. In apart bist. Eigenwiis, altyd ree om in kopke te jaan en fral om oanhelle te wurden. Wolfje wie eigendom (ja, bisten binne eigendom) fan de buorlju hjir by ús foaroer. No witte jo mei in kat nea oft it bist jo eigendom is of dat jo mear eigendom binne fan de kat. Dus ik wit ek net krekt hoe’t soks mei de relaasje fan buorman of buorfrou en Wolfje yninoar stekt. Yn elts gefal hja fertelden altyd dat Wolfje net fan bern hâlde soe. No, neat is minder wier. By besite fan ús bern en de pake- en beppesizzers helje wy wol gauris wat iten by de buertsinees. Ja, lekker fansels. Faaks bard soks yn de simmer dus dan sitte wy wol gauris yn de tún te iten. No moatst rekkenje dat Wolfje nea ûntbrekke soe. Hy wie der altyd by. Hy mocht de bakjes útslikje en de lêste stikjes fleis, griente en rys of bami opite. Dêr wie Wolfje sljocht op. En dan wie sels in bernûnfreonlik  meunster as Wolfje der wol foar te finen om elkenien kopkes te jaan. De bern ek hear! No wit ik werom hy net sa sljocht wie op de pake en beppesizzers fan buorman: Die iten fansels alles sels op. Ja en by in kat moatte jo soks net úthelje. In kat is ek mar in minsk.
Mar in skoftsje ferlyn kaam der in drôvich berjocht op ús ta. Ik hie him in stikmannich dagen derfoar noch oanhelle. Midden op ‘e dyk. Koe him neat skele. Wêr’t je ek wiene, Wolfje woe oanhelle. Sa wie no ienkear ús relaasje, Wolfje en ik.
Mar dat berjocht: Wolfje wie der net mear. Hij hie syn tiid der hjir opsitten. In spuitsje fan de dokter hat in ein makke oan it libben fan ús oerbuorpoes. In leech plak bliuwt efter yn ‘e buert. We sille him misse. Wolfje.

Wolfje (Ned.),
Dagelijks kwamen ze langs kuieren. Hun vaste route. De één wat voorzichtiger dan de ander. Altijd eventjes naar binnen gluren om dan snel weer hun tocht te vervolgen. Ja, de mensen aan de andere kant van het glas zouden je eens wat kunnen aandoen nietwaar? Er werd tegen de haag gesproeid, uit de bloemengieter gedronken, of zomaar langs gewandeld. Elk had zijn of haar eigen naam. Die hadden wij hen gegeven en het waren er vijf: Sproeiertje, Gietertje, Theeschoteltje, Heksje en natuurlijk Wolfje.  Ik moet erbij vertellen dat Wolfje zijn echte naam was. Een apart beestje. Eigenwijs, altijd bereid om een kopje te geven en vooral om aangehaald te worden. Wolfje was eigendom (ja dieren zijn eigendom) van de overburen. Nu is het zo dat je met een kat nooit weet of het dier jouw eigendom is of dat de kat jou in bezit heeft. Dus ik weet niet precies hoe de het tussen buurvrouw en buurman zit in de relatie met hun Wolfje. In elk geval zeiden ze altijd dat Wolfje niet van kinderen zou houden. Nu is niets minder waar. Wanneer de kinderen met kleinkinderen ons bezoeken is het vaak zo dat we iets te eten halen bij de buurtchinees. Ja, lekker natuurlijk. Omdat we zoiets vaak ’s zomers doen zitten we dan in de tuin te eten.  En reken maar dat Wolfje daarbij aanwezig was! Hij was er altijd bij. Wolfje mocht de bakjes uitlikken en de laatste restjes vlees, rijst en bami opeten. Hij was er verzot op. En daar komt bij dat zo’n kindonvriendelijk monster als Wolfje er nog meer voor te vinden is om kopjes te geven en aangehaald te worden. Ook door de kleinkinderen! Nu weet ik ook waarom Den Wolf niet zo blij was met de kleinkinderen van de buurman: die aten natuurlijk alles zelf op en lieten niets over voor hem. Ja, en een kat moet je zoiets niet flikken. Een kat is ook maar een mens.
Een poosje geleden ontvingen wij een droevig bericht.  Enige dagen daarvoor had ik hem nog even mogen aaien. Midden op straat. Kon hem niets schelen. Waar je ook was, Wolfje wilde aangehaald. Zo was nu eenmaal mijn relatie met Wolfje.
Maar dat bericht: Wolfje was gestorven. Hij had zijn tijd er hier opzitten. Een spuitje van de dokter maakte een eind aan het leven van onze overbuurpoes. Een lege plek blijft achter in de buurt. We zullen hem missen. Wolfje.

zondag 3 november 2013

Plof-column over de Plof-Kip-Hater



“Alle plofkippen moeten uit de schappen van de C2000 en AHA” zei hij, pulkend aan zijn T-shirt gemaakt door kleine als slaaf gebruikte kinderen op gore achterafzoldertjes in India en net teruggekeerd van een dure milieu-onvriendelijke vliegvacantie naar een Arabisch land waar ze vrouwen onderdrukken wier enige vrijheid bestaat uit het baren van zoveel mogelijk kinderen.


Vanavond: zelfgemaakte Nasigoreng met mijn hoogsteigen pindasaus, vegetarische ballekes en kefirsmoothy na.

Disclaimer: elke overeenkomst met een werkelijke situatie is bewust gekozen. Eventuele gelijkenis met bestaande bedrijven die ook de “plofkip” verkopen mag als louter toevallig worden beschouwd.