dinsdag 10 september 2013

Grey Holiday (Ned.) - Grey Holiday (Fr.)

Grey Holiday op Terschelling.
Het is druk aan boord. Er zijn veel die hetzelfde idee als wij hebben: even een paar daagjes Terschelling “doen”. De vakantietijd is al weer een poosje passé en je vindt er dan ook voor het merendeel grote groepen grijze koppen. Met of zonder rollater. Met of zonder fiets met meetrapmotortje en dan veelal een klein kontebijtertje aan de lader in zo’n mandje aan het stuur of achterop. Ik zou niet weten wat erger is: al die meegenomen honden die overal op strand en duinen stront achterlaten, of een tuiltje schreeuwende en jankende kinderen waar jammer genoeg met geen mogelijkheid de batterij uit is te verwijderen. ( Voor de lezer nu begint te blazen: ik houd van dieren en kleine kinderen, maar niet van stront en gejank).
Wat mij elke keer als ik over het eiland fiets te binnen schiet, is de blik in de ogen van mensen die ik tegenkom. Het lijkt alsof ze soms willen zeggen: “Weet jij nog van toen? De tijd van de “flowerpower”, het ruige tot over de schouders hangende haar en de bloemetjesbroeken. Het donderjagen in de duinen, het openlijke blowen op de camping. Terschelling van de 60/70’er jaren. Ach hoe anders zag alles er toen nog uit. En het is net of het toen minder pijnlijk was, het lange luie liggen op het strand, het fietsen over de heuvelachtige paden….
Al die burgerlijke vakantiehoudende grijskoppen, het valt in hun ogen te lezen: die blik van herkenning. Het herbeleven van het Terschelling van toen. Niet beter dan nu, maar zeker niet slechter…. Grey Holiday op Terschelling, niets mis mee. En nog steeds zingt Hessel: “Terug naar Terschelling, ook al word ik honderd jaar….”

Grey Holiday op Skylge.
It is drok oan board. In protte minsken dy’t itselde idee as ús hawwe: efkes in pear dagen nei Skylge. De fakânsjetiid is al wer in skoftsje oer fansels en jo fine dan ek haadsaaklik grutte troppen grize koppen. Mei of sûnder rollater. Mei of sûner fyts mei in meitraapmoterke en dan faak mei in lyts kontebiterke oan ‘e lader yn sa’n mantsje oan ’t stjoer of efterop. Ik wit net wat slimmer is: dat eltsenien syn hûn meinimt dy’t oeral op it strân en yn ’e dúnen syn stront efterlit, of in keppel razende en jankjende bern wêr’t de batterijen net úthelle wurde kinne spitigernôch. (Foardat de lêzer no begjint te eameljen: ik hâld fan bisten en lytse bern, mar net fan stront en gejank)
Wat my yn it sin sjit, wannear’t ik sa oer it eilân fyts is de eachopslach fan de minsken dy’t ik tsjinkom. It is as wolle hja sizze: “Witst noch wol fan doe? De tiid fan de “flowerpower” it rûge hier op ‘e skouders en de blomkebroeken. It donderjeien yn de dúnen, it iepenlike blowen op de kamping. Skylge fan de 60/70’er jierren. Alles seach der doe hielendal oars út. It is krekt of wie it doe minder pynlik, it langút lizzen op in badhandoek op it strân, it fytsen op de heuveleftige paden…..
Alle dy boargerlike fakânsje hâldende griiskoppen, it falt te lêzen yn al die eagen. In blik fan herkenning. It werbelibjen fan it Skylge fan doe. Neat better as dat fan no, mar seker net minder….. Grey Holiday op Skylge, neat mis mei. En noch altiden sjongt Hessel: “Terug naar Terschelling, ook al word ik honderd jaar….”