donderdag 15 augustus 2013

Friese cultuur op de schop (N) - Fryske kultuer op 'e skeppe (Fr)

Friese cultuur op de schop
In deze tijd van bezuinigingen moet er worden nagedacht over zaken waar we zonder willen en kunnen om het grotere geheel dat “Staat der Nederlanden” heet, in beetje overeind te kunnen houden. Nu vind ik onze Friese taal en cultuur heel belangrijk, maar ik krijg zo langzamerhand het gevoel dat er dingen zijn die koste wat het kost moeten blijven bestaan. En waarom? Omdat er klein elitair groepje mensen hun bestaan in vindt of omdat men aandacht krijgt in de media en als zeer belangrijk personage naar voren komt. Neem bijvoorbeeld onze taal. Eigenlijk interesseert het niemand een bal of er nu wel of niet Fries wordt gesproken in onze provincie. Wees nu eens eerlijk: het is ook bijna niet bij te houden, want begin je het een beetje in de vingers te krijgen, komt er weer een spellingsverandering aankakken. Ja de bureauhaantjes moeten werk houden, maar het gewone volk (voor zover die het Fries wel actief gebruiken) geeft niets om dergelijke neuzelarij. Zelfs op onze eigen omroep ( “Omrop Fryslân” nog even voor hen die dit niet weten) slaat men raar met de taal om. Misschien is het nu het moment om de streekomroep maar op te heffen, zodat er geld kan worden vrijgemaakt voor werkelijk belangrijke zaken. Want als voorbeeldfunctie voor onze taal, het Fries, is deze omroep beslist niet het medium waar u en ik het van moeten hebben. Nu zullen degenen die ik met dit stukje wat tegen de haren in borstel wel zeggen: “Mindert is je eigen Friese taalgebruik dan wel zo geweldig?” Daar kan ik eerlijk in zijn: “nee, natuurlijk niet”, maar ik heb dan ook geen culturele voorbeeldfunctie die wordt betaald met geld dat aan de gemeenschap wordt onttrokken.
Ik vind: onze taal moet zichzelf waarmaken, wij moeten hem aktief willen gebruiken en anders: laat maar uitsterven. We hebben zat monumenten waar niemand een donder om geeft.
En de omroep? Doe het potverdikke beter en anders: Wegwezen!


Fryske Kultuer op ‘e skeppe,
Yn disse tiid fan besunigings moat der neitocht wurde oer saken dy’t we kwyt kinne en wolle om it grutter gehiel dat “Staat der Nederlanden” neamd,  in bytsje op poaten te hâlden. No fyn ik ús Fryske taal en kultuer hiel wichtich, mar sa stadichoan krij ik it gefoel dat der saken binne dy’t dwers troch alles hinne bestean bliuwe moatte. En wêrom? Om’t der in lyts elitêr ploechje minsken dêr harren bestean yn fine of omdat se dan oandacht krije yn de media en as tige wichtich persoan te boek stean kinne. Us taal bygelyks. Eins kin it nimmen in kloat skele oft der no wol as net Frysk praat wurdt yn ús provinsje. It is ek hast net by te hâlden, want beginne jo it in bytsje te learen, komt der wer in feroaring yn ‘e stavering oankakken. Ja de burohoantsjes moatte ek wurk hâlde.
Mar ik gewoane folk (foar saffier se it Frysk al aktyf brûke) kin sokke elitêre fimelerij neat skele. Sels op ús eigen omrop (“Omrop Fryslân” noch efkes foar minsken dy’t dit net witte) slacht men mar núver yn harren wurdebrij om. Faaks is it saak om de streekomrop mar op te heffen, dan komt der jild frij foar saken dy’t der mear ta dogge. Want as foarbyld funksje foar ús taal, it Frysk,  is de omrop perfoarst net it medium wêr’t jo en ik it fan hawwe moatte.  No sille de minsken dy’t ik mei dit stikje tsjin de hierren ynstryk wol sizze “Mindert is dyn Frysk dan wol sa geef?” Dêr kin ik dan earlik op anderje: “Nee, fansels net”, mar ik haw dan ek net in kulturele foarbyldfunksje dy’t mei mienskipsjild betelle wurde moat. 
Ik fyn: ús taal moat himsels wiermeitsje, wy moatte it brûke wolle en oars: lit dan mar útstjerre. We hawwe monuminten genôch wêr’t gjin minske wat om jout.
En de omrop? Doch it better bliksem en oars: Fuort wêze!