donderdag 13 december 2012

Krisis (Ned)

Hoe faak moatte wy dit wurd noch hearre? Jo kinne net in radio-útstjoering oansette of it tillevyzjesjoernaal besjen of jo wurde deasmiten mei hoe min it giet mei ús aller ekonomy. Ja der bestiet fansels ek neat belangrikers dan it ekonomysk wolwêzen fan it lân. Dêrby stiet it wolwezen fan de buorgers fier yn it skaad. De aldereinsoarch, de jeugdsoarch en wat dêr dan wer tuskenyn sit is ek hielendal net sa wichtich. De soarch foar ús siken, handikapten en minsken mei in ynkommen wêr’t se hast net fan rûnkomme kinne is alhiel gjin oandachtspunt. Sokke saken koste allinne mar jild en dat is net sa goed foar it ekonomysk wolwêzen fan it lân.
Mar soe dit feitlik wol sa wêze? Ik sil it noch sterker fertelle: is der eins wol in ekonomyske krisis?
Fansels binne wy as buorgers net mear dan ekonomyske faktoaren dy’t sa min as mooglik koste meie en sa folle mooglik jild opbringe moatte, ta gewin en meardere gloarje fan it ekonomysk wolwêzen fan it lân.
Dus der moat besúnige wurde. Besunige op jo en op my. We hawwe in heech wurkleazenspersintaazje en tagelyk moatte jo en ik letter mei pensjoen. De oerheden smite mar mei jild yn de rjochting fan in der wyld yn om slaande Jeropeeske Uny. De oaren meitsje der in potsje fan en wy moatte besunigje. Dit allegearre foar it ekonomysk wolwêzen fan it lân. Wûnderlik dat dan it jild in kear op rekket hin?
Fine jo it dan net frjemd dat der altyd wol jild te finen is foar bygelyks “de kulturele haadstêd”, de dikke gouden hândruk foar in direkteur fan DE dy’t de boel dêr ferneukt hat of bygelyks de sûp en fretterijen fan ús bestjoerders dy’t dêrmei elts beslút of oerlis beklinke moatte en de ûnbidige kosten dy’t it dielnimmen oan de Jeropeeske Uny ús ont no ta koste hat?
As ik as boarger sa mei my húshâldjild (en dat is dan ek nochris my eigen) omgean soe en de minsken wêr’t ik mei ferantwurdlik foar bin sa tekoart dwaan soe, krige ik wis it predikaat “slecht huisvader” opspjelde.
Nee, jo en ik binne net de oast fan dy saneamde krisis. Dat binne dejinge dy’t ik no mei rjocht ”slecht huisvader” neame mei.

Jûn wat iten oangiet: woarteltsjes en prei as griente, lekkere bildtstar en in gehaktbal mei sju. En fansels wer in hearlik gleske kefir nei.