vrijdag 7 augustus 2009

Wurdfermjuksingsbreinroerderij (Frysk)

Lêstlyn lies ik in stikje yn 'e Ljouwerter Krante ûnder it kopke "TaalBaas" oer it ûntstean fan nije wurden, ek yn it Frysk. Oft soks in ôfglydzjen fan de taal betsjut hinget fansels ek ôf fan hokker neologismen algemien oanfurdige wurde as gebrûklik Frysk. In taal moat fansels al libje, in deade taal wurdt net brûkt, stjert út. Soks wolle wy net dat ús Fryske taal oerkomt. Mar we moatte no ek wer net al te maklik elk wurd mar yn ús taal ferweve litte. Net alles makket de kommunikaasje, skientme en brûkberens fan de taal better.
In wurd as "ea" fyn ik moaier dan bygelyks "oait" en "lofter" brûk ik leaver as "linker". Sjoch beide wurden binne brûkber mar se litte it Frysk dochs wol wat tefolle tsjin it Hollânsk oanskeuke. En soks moat eins tefoaren kommen wurde. Ik bin gjin taalkundige op it mêd fan 't Frysk, mar hâld in protte fan myn memmetaal en sil it ek safolle as mooglik brûke. Mar dan graach sa suver mooglik Eltse dei lear ik mear en mear fansels en nimmen is folslein, ik meitse ek hiel faak in flater, mar ik fyn de âlde Fryske wurden ôfgryslik moai.
We kinne in hiel protte wurden yn ús Fryske taal fine dy't minder faak brûkt wurde, mar dy't bydrage oan de meldij en ritme fan de taal. Yn myn poëzij hawwe se myn foarkar. Dochs is der noch wol wat oan wurden te betinken hear, dy 't oan it besteande Frysk taheakke wurde kin: dus minsten wannear't jo neat te dwaan hawwe en nocht hawwe om de harsens wat bij te slypjen, gean jo gong. Doch mei oan de "wurdfermjuksingsbreinroerderij!"